Stimmen hat 10.000 brûkers!

Hoera! Dizze wike hawwe wy de 10.000 brûkers fan ús taal-app Stimmen fan Fryslân helle! Wy wolle jim graach betankje dat jim ús sa moai holpen hawwe dit prachtige resultaat te beheljen, ûnder oaren troch it projekt te dielen fia sosjale media en oare mediakanalen.

Bytiden kin it dreech wêze as yndividu om de resultaten fan jo aksjes te sjen. Mar at meardere persoanen gearwurkje, is it makliker it om in ferskil te meitsjen. En dit is krekt wat jimme dien hawwe troch massaal ús Stimmen-app te downloaden en mei te dwaan yn ús libbensechte taallaboratorium. De Fryske taal hat in protte farianten en dialekten. Jimme ha ús de gelegenheid jûn om it hurd feroarjende taallânskip fan Fryslân oan it begjin fan’ e 21ste ieu yn kaart te bringen.

Hoe fierder?

Wy hawwe dus 10.000 dielnimmers berikt … en hoe no fierder? Wy wolle dat ús projekt fansels noch mear omtinken kriget. Hoe mear minsken wy berikke om mei te dwaan, hoe mear wy ​​berikke kinne yn ús ûndersyk oer it yntrigearjend fenomeen fan meartaligens binnen Fryslân. En nettsjinsteande alles dat jo al foar ús dien hawwe, fiele wy ús ​​net te grutsk om mear help te freegjen.

Wat kinne jimme no dwaan om ús te helpen? Praat oer ús projekt mei oaren – persoanlik, online of wêr’t jimme ek mar binne. Fertel it jimme âlders, praat mei jimme freonen, sprek frjemden oan yn trein en bus.

Win in Fryske goody bag!

Om te fieren dat wy 10.000 brûkers hawwe, jouwe wy in Fryske goody bag fuort! Gea nei ús Facebook-aksje om kâns te meitsjen op de goody bag.

Oer it projekt

Yn 2018 sil Fryslân in echt taallaboratorium wurde! Oare jier ​​sil Ljouwert-Fryslân de Kulturele Haadstêd fan Europa fan 2018 wêze. It gearwurkingsferbân Lân fan Taal is in belangryk ûnderdiel fan dit event. It projekt “Stimmen fan Fryslân”  is ien fan ‘e projekten fan Lân fan Taal foar de Europeeske Kulturele Haadstêd 2018. Dr. Nanna Haug Hilton, Associate Professor fan Sociolinguistics by ús ôfdieling Mino, is de inisjatyfnimmer fan it projekt.